Weistra op wei fan 16 juny 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Duorsumens sportakkomodaasje

Fryske sportferienings krije de kâns om harren akkommodaasje duorsummer te meitsjen. De oarsaak dêrfoar is in suksesfolle pilot fan Sport Fryslân, de provinsje en de seis gemeentes yn Noardeast-Fryslân. Wat fynt Anne-Jochum de Vries fan Sport Fryslân dêrfan?

Friezen yn de bystân

Sifers fan it Centraal Buro fan de Statistyk (CBS) wize út dat likernôch de helte fan alle minsken yn de bystân net wer wurkje wol of kin. Dêr prate we hjoed fierder oer mei Nanne de Jong, koördinator fan it Frysk Gearwurkingsferbân Utkearingsgerjochtigden en mei in man dy't sels al jierren yn de bystân sit en leaver net mei namme op de radio wol.

Lân fan Taal

Op it Oldehoofstertsjerkhôf fan Ljouwert moat yn 2018 in nij gebou komme dêr't de Fryske taal en meartalichheid yn sintraal stiet. It is ûnderdiel fan it projekt Lân fan Taal fan de Kulturele Haadstêd 2018. Ferslachjouwer Onno Falkena fertelt der mear oer.

Keunstner Hein de Graaf fertelt oer syn projekt DNALWD2018: 120.000 plestik buiskes moatte in keunstwurk foarmje dat stiet foar it DNA fan Ljouwert.

16:07 - Pet Shop Boys & Dusty Springfield - What Have I Done To Deserve This
16:17 - Enrique Iglesias (Ft. Wisin) - Duele El Corazon
16:39 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
16:50 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:07 - Rembrandts - I'll Be There For You
17:18 - Inez Timmer - Minsk
17:39 - Eagles - One Of These Nights
17:49 - Graig Mclachlan & Check 1-2 - Mona
17:51 - Janse Bagge Band - Sollicitere

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)