Weistra op wei fan 16 juny 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Fannemiddei yn Weistra op wei it folgjende nijs: SC Hearrenfean wol in gruttere steantribune, mar dêrfoar moat wol in tal fêste supporters syn sitplak opjaan en Greenpeace kin him net fine yn krityk fan fiskers op de troch de organisaasje yn see dumpte stiennen.

FIerder prate we mei Stefan Boersma fan de Jouwer. Hy is op't stuit yn Ingelân foar it wrâldkampioenskip fuotbal foar sporters mei in harsensskansearring. Stefan is keeper by SC Joure en spilet foar it Nederlânske team.

En wynmûnen meitsje folle minder slachtoffers ûnder fûgels as tocht wurdt. Dat docht bliken út ûndersyk yn de Eemshaven, dien troch ûndersyksburo Altenburg en Wymenga fan Feanwâlden. Der sneuvelje mear fûgels troch húskatten as troch wynmûnen, seit ûndersiker Allix Brenninkmeijer.

16:09 - Urban Cookie Collective - The Key: The Secret
16:19 - Brian Wilson - The Right Time
16:26 - Romantics - What I Like About You
16:41 - Tjeerd Abma - Love Bites
17:10 - Robyn - With Every Heartbeat
17:19 - Grytz & Grize + Johannes Rypma - Alle Dagen Dy
17:36 - Katy Perry - Birthday
17:41 - Avicii - The Nights
17:50 - Dijk - Nergens Goed Voor

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)