Weistra op wei fan 16 desimber 2016 16:00

It tal oeren dat op skoalle oan Frysk ûnderwiis bestege wurdt, is meager te neamen. Dat jildt sels foar de trijetalige basisskoallen, sa stiet yn in rapport fan de Ried fan Europa. De Master Frankeskoalle yn Earnewâld wie de earste trijetalige skoalle fan Fryslân. Direkteur Anke Haanstra leit út wat de praktyske problemen binne dêr't se op skoalle tsjinoan rinne.

Fêste gast op freed is advokaat Bart Canoy fan Ljouwert, hy sil it ha oer gesichtsherkenning. Fertochten komme mei har gesicht yn in database, dy't opspoaring foar de plysje in stik makliker meitsje moat. Canoy freget him ôf oft dit systeem wol echt nedich is.

Yn it Fryske nijs omtinken foar de skjinmakaksje fan Doutzen Kroes op Flylân, en de reaksje fan Cambuur op de wat ûngelokkige lotting yn de KNVB-beker, út tsjin FC Utrecht.

16:07 - Dr. Hook - Baby Makes Her Blue Jeans Talk
16:15 - Paper Kites - Bloom
16:24 - Kenny Rogers & Dolly Parton - Christmas Without You
16:41 - Syb Vd Ploeg & Piter Wilkens - Jou It Troch
16:50 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
17:07 - Tom Jones & Mousse T. - Sex Bomb
17:17 - Anneke Douma & Agnes Sambrink - 't Feest Is Foar Dy En My
17:25 - Koop - Come To Me
17:37 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
17:52 - First Class - Beach Baby

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)