Weistra op wei fan 16 desimber 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

It sil ien fan de âldste noch skriuwende auteurs fan ús lân -en fan Fryslân- wêze: Dolf Verroen. Op syn 87e krijt er it fersyk om it berneboekewikegeskink foar takom jier te skriuwen. En dat is in fersyk dêr't de ynwenner fan Sint Nyk graach oan foldocht, want Verroen is nettsjinsteande syn hege leeftiid noch goed by sûp en stút. Yn Weistra op wei in petear mei him.
Fan takom jier ôf moat de Fytsalvestêdetocht riden wurde mei in helm op. "Gjin helm, gjin stimpel", seit bestjoersfoarsitter Stephan Rekker. No wie in helm altyd al ferplichte, mar der waard noait hânhavene. Dat wurdt dus oars. Mar sadelet it bestjoer de frijwilligers by de stimpelposten no net op mei de kontrôles?
Fierder yn Weistra op wei it lêste Fryske nijs, de deistige tuskenstân yn de Voedselbank-aksje, en It Slotstik.

16:09 - Paul Simon - You Can Call Me Al
16:18 - Sam Hunt - Take Your Time
16:45 - Common Linnets - Calm After The Storm
16:51 - Blondie - Denis
17:08 - Duke - So In Love
17:16 - Omi - Hula Hoop
17:44 - Slade - Merry Xmas Everybody
17:53 - Henk Wijngaard - Met De Vlam In De Pijp

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)