Weistra op wei fan 15 maaie 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Ferslachjouwer René Koster wie fan 'e moarn by de presintaasje fan it nije kolleezje-akkoart. Fan 'e middei sit hy by Harm yn de studio, en letter skowe ek Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante en Patrick van 't Haar fan it Friesch Dagblad noch oan, om hjiroer troch te praten.

Hessel de Haan fan Ljouwert is nei 11 jier noch altyd op syk nei de foto's fan de berte fan syn soan. Dizze wike hat er in oprop op facebook dien, dy is no al 10.000 kear dield. Fan 'e middei sit ek hy by ús yn de studio om te fertellen oft dat al fertuten dien hat.

Ferslachjouwer Geale Groen is op de Froskepôle dêr't ferskate roeiers har klearmeitsje foar de swiere alvestêde-roeimaraton dy't jûn om acht oere fan start giet yn de Prinsetún.

En Geert van Tuinen wie hjoed by de trening fan Cambuur. In bysûndere trening, want it koe wol ris de lêste west ha fan Lucas Bijker, dy't nei SC Hearrefean ta giet. Bijker hie in sprekferbod, en der stiene ek ferskate befeiligers yn it stadion. Geert skoot oan by Harm mei in reaksje fan trener Sandor van der Heide.

16:09 - Train - Hey Soul Sister
16:25 - Supertramp - Breakfast In America
16:37 - Kensington - War
16:49 - Family Of The Year - Hero
17:18 - John Mayer - Clarity
17:44 - Trijntje Oosterhuis - Walk Along
17:53 - The Hollies - Long Cool Woman (In A Black Dress)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)