Weistra op wei fan 15 april 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Elts Frysk famke en jonge moat de kâns krije om muzyk te meitsjen. Dat is it haaddoel fan de Fryske Muzykbrigade, dy't hjoed fan start gien is. Yn dit projekt wurdt gearwurke tusken Keunstwurk, Cultuur Kwartier Sneek en Ateliers Majeur, en letter wurde hjir ek ûnderwiis en oerheid by belutsen. Nei alle besunigings op keunst en kultuer wurdt no dus wer besocht om wat fan 'e grûn te tillen. Direkteur Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk jout in taljochting yn Weistra op Wei.

Adfokaat Bart Canoy fan Ljouwert jout syn miening oer TBS, nei oanlieding fan de feroardieling fan Bart U, de man dy't âld-minister Els Bordt en syn eigen suster fermoarde. U. waard frijsprutsen, mar krige wol TBS, oer nut en needsaak fan dy juridyske maatregel sil Canoy it ha.

Fierder it lêste Fryske nijs, it Slotstik, en we komme te praten oer "Poppis de Musical", dy't fan moarn ôf yn Teater Snits opfierd wurdt.

16:09 - Pointer Sisters - I'm So Excited
16:16 - Dua Lipa - Be The One
16:38 - Syb - Ien Klap
16:44 - Ariana Grande - Love Me Harder
17:11 - Marco Borsato - Vrij Zijn
17:19 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
17:39 - Beatles - Something
17:47 - Will & The People - Lion In The Morning Sun
17:51 - Dolly Parton - Coat Of Many Colours

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)