Weistra op wei fan 15 april 2015 16:00

Hjoed yn Weistra op wei ûnder oare:

In persoanlik petear mei dûmny Orlando Bottenbley. Under syn lieding is de Betheltsjerke yn Drachten groeid fan 60 nei 4500 minsken. De foargonger siket nei manieren om minsken dy't net nei tsjerke gean, dochs by de tsjerke te belûken. En mei sukses dus. Mar spitich genôch foar de Bethel, moatte se dit jier op syk nei in opfolger fan dûmny Bottenbley. De foargonger fan de frije baptistegemeente Bethel yn Drachten hat oanjûn yn 2016 te stopjen mei syn wurk foar de tsjerke. Nei 28 jier by de Bethel, hat Bottenbley noch in soad oare ambysjes. Hy wol oare tsjerken coache om, lykas de Bethel, ek in nij publyk oan te sprekken. Yn Weistra op wei prate we oer syn plannen.

En in diskusje oer it skoalswimmen yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente wol it skoalswimmen ôfskaffe. Se fine dat der te min brûk fan makke wurdt. Noch mar 12 fan de 66 basisskoallen dogge mei oan it skoalswinnen en it ôfskaffen soe de gemeente 150.000 euro opsmite. Skoallen yn Súdwest-Fryslân binne it der net mei iens. Benammen it wetterrike Warkum wol dat it skoalswimmen bliuwt. Neffens trije basisskoallen yn it doarp is it swimmen fan libbensbelang. Maureen de Haan fan de meisizzenskipsried fan ien fan de skoallen en wethâlder fan Súdwest-Fryslân Durk Stoker, prate mei elkoar.

16:08 - Wiebe Kaspers - Aldegea
16:15 - Coldplay - Clocks
16:20 - Van Morrison - Spanish Rose
16:38 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
16:49 - Miss Montreal - This Is My Life
17:10 - Estelle Ft. Kanye West - American Boy
17:18 - Christine And The Queens - Christine
17:28 - Simone White - The Beep Beep Song
17:39 - Stromae - Tous Les Memes
17:48 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
17:53 - Stevie Wonder - Happy Birthday (Single Version)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)