Weistra op wei fan 14 desimber 2015 16:00

De bylden fan de iisbear yn de dieretún fan Emmen dy't mei in deade kat boartet, soargje foar fûleinige diskusjes. It filmke, dat ek op dizze site te sjen is, is makke troch natoerfotograaf Ruurd Jelle van der Leij fan Aldeholtpea, dy't dêr sneon tafallich wie. Yn Weistra op wei fan 'e middei syn ferhaal.
Alternative genêzers sille der fan ien jannewaris ôf oan leauwe moatte: ek sy kinne oanpakt wurde troch de ynspeksje foar de Folkssûnens. Wat sil dat yn de praktyk betsjutte -en werom is der eins safolle wjerstân fanút de polityk en de reguliere medyske stân tsjin de alternative sektor? Yn Weistra op wei jout klassyk homeopaat Aly Prins fan Menaam har miening.
Fierder de Omrop-aksje foar de Voedselbank -fan hjoed ôf alle dagen in tuskenstân-, it lêste Fryske nijs en fansels It Slotstik.

16:08 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
16:17 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
16:38 - Jack Bottleneck Kroes & De Fryslan Allstars, Iris - Genoch (Voedselbank Liet)
16:47 - Wiz Khalifa (Ft. Charlie Puth) - See You Again
16:53 - Elio Pace - What A Day
17:09 - Deep Blue Something - Breakfast At Tiffany's
17:16 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar
17:35 - Chris Rea - Driving Home For Christmas
17:43 - Vanvelzen - Deep
17:51 - Eagles - Please Come Home For Christmas
17:54 - Bauke Van Der Woude - Fitness

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)