Weistra op wei fan 13 april 2016 16:00

Bern fan âlden dy't in hege oplieding hân hawwe folgje dat paad meastentiids. Omkeard jildt itselde: dan is it skoaladvys te faak in te lege oplieding. De Underwiisynspeksje konstatearret dit yn in hjoed oan de minister oanbean rapport, en neamt soks "zorgelijk". En toch is it net nij, de Fryske Akademy hat it al folle faker fêststeld. Yn Fryslân spilet dêr ek nochris it lege ambysjenivo fan de âlden in rôl. Edwin Klinkenberg fan de Fryske Akademy jout syn fisy. Dan is De Klinze yn Aldtsjerk oernommen, en de âlde stins krijt in bysûndere nije bestimming, it wurdt in "sleep experience". Wat dat is, hearre je yn Weistra op wei. Dat, mei it lêste nijs út Fryslân, sjonger Eric Corton oer syn optreden mei it NNO (en Stones-klassikers) en fansels It Slotstik, tusken 16:00 en 18:00 oere.

16:09 - Matthew Wilder - Break My Stride
16:16 - Jonas Blue Ft. Dakota - Fast Car
16:39 - De Kast - De Tijd Tikt Door
16:48 - Zara Larsson - Lush Life
17:09 - New Radicals - You Get What You Give
17:17 - Shawn Mendes - Stitches
17:40 - Diana Ross - Reflections
17:48 - Vangrail - Naar De Zee
17:52 - America - A Horse With No Name

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)