Weistra op wei fan 12 septimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Ien op de tsien beukers bliuwt "sitten" yn groep 2, om't se net ryp genôch achte te wurden om nei groep 3 te gean, de klasse dêr't in begjin makke wurdt mei it "echte" learen. Dêr moat in ein oan komme, fynt steatssekretaris Dekker. In protte fan dy beukers binne neffens him healwei groep 2 wol klear foar de oergong, en sitte har mar te ferfelen yn de sânbak. Hoe't it yn de praktyk giet èn hoe't it oars moat hearre we yn Weistra op wei fan Frits Adema en Sita Teijken fan OBS De Bolder yn Drachten.

Ken Ho is in ynwenner fan Hong Kong, taalkundige, en kaam fia it Latyn út by it Frysk. Latyn wurdt net mear praat, mar Frysk wol, en dat luts syn belangstelling. Hy learde it Frysk yn twa moanne tiid, en hoe't dat klinkt hearre je yn Weistra op wei.

Dan giet jûn de alderearste Fryslân Hjoed fan start, it nije aktualiteiteprogramma fan Omrop Fryslân TV. Ferslachjouwer René Koster sjocht live by de lêste tariedings en by de útstjoering sels. It is in spannende dei foar alle belutsenen, mar hoe hâlde je de senuwen wat yn bedwang?

Fierfder it lêste Fryske nijs, en yn It Slotstik giet it hjoed oer sliepe op it wurk -want dat moat kinne!

16:07 - Rick James - Superfreak
16:14 - Shawn Mendes - Treat You Better
16:23 - Sting - If I Ever Lose My Faith In You
16:43 - Agnes Sambrink - Do Bist
16:53 - Bob Dylan - I Want You
17:06 - Ace Of Base - The Sign
17:18 - Gaatze Bosma - Earste Trein Nei Starum
17:25 - Leo Sayer - Thunder In My Heart
17:38 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
17:47 - Snow Patrol - Shut Your Eyes
17:51 - Diggy Dex (Ft. Eva De Roovere) - Slaap Lekker (Fantastig Toch)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)