Weistra op wei fan 10 novimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Winkels sille hieltyd mear lêst krije fan de fergrizing. It tal 65-plussers nimt ta, en dy ha feitlik alles al! Foaral ynterieursaken en kleanwinkels sille dêr de gefolgen fan fernimme, sa docht bliken út hjoed publisearre ûndersyk. Hoe rêde se har dêr yn Drachten mei? De leeftiid fan it winkeljend publyk leit dêr frij heech. Dat hat earder ferlet fan bankjes as fan in hiphop-battle, soenen je sizze. Yn Weistra op wei in reportaazje oer bedrigings en kânsen.

Elkenien kin him de rebûlje noch wol yn 't sin bringe oer de spegelaaien op it Saailân yn Ljouwert. Keunstner Henk Hofstra krige in soad krityk op syn projekt. No herhellet er syn stunt oan de oare kant fan de wrâld, yn de Sileenske haadstêd Santiago de Chili. Seurden de Ljouwerters allinnich mar, yn Sily is Hofstra in 'celebrity'. "Yn de kranten giet it mar om twa saken, de ferkiezing fan Trump en oer 'the eggman', en dat bin ik", sa seit Hofstra. We ha fan 'e middei kontakt mei de Drachtster.

Fierder omtinken foar de Dei fan de Mantelsoarch, der kin wer stimd wurde op It Slotstik, en fansels it lêste Fryske nijs.

16:07 - David Bowie - China Girl
16:15 - Bastille - Good Grief
16:22 - Passenger - Let Her Go
16:41 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
16:52 - Ivy League - Tossing And Turning
17:08 - Alannah Myles - Black Velvet
17:16 - Sake - Broken
17:24 - Yvonne Elliman - If I Can't Have You
17:39 - Bruno Mars - Locked Out Of Heaven
17:51 - Hollies - The Air That I Breathe

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)