Weistra op wei fan 10 maart 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Weistra op Wei ûnder oaren in diskusje oer de wolf. It bist is foar it earst yn oardel ieu wer yn ús lân sjoen. Dit wykein yn Drinte en no hjoed by de buorlju yn Grinslân. Biologen tinke dat de wolf ek samaris yn Fryslân op dûke kin. Natuerleafhawwers bin bliid. Boeren eangje foar harren fee. Moatte wy bliid wêze mei de komst fan de wolf of kinne wy him better fuortjage? Diane de Groot praat dêroer mei Jeljer Wynia fan LTO Noord en Henk de Vries, direkteur fan it Fryske Gea.

Dêrneist in persoanlik petear oer in aksje yn Feanwâlden. Ynwenners fan it doarp wolle doarpsgenoat Gervania en har soan Anthony yn Nederlân hâlden. De twa moatte werom nei Brazilie. It heitelân fan Gervania. Ynwenners fan Feanwalden fine dat bespotlik. Soan Anthony is nammentlik yn Nederlân berne en wurdt nei trije moanne wierskynlik werom stjoert nei Nederlân. Sûnder syn mem dus. Feanwalders ha de twa yn it hert sletten en meitsje harren soargen.. Ien fan dy minsken is Sander Veenstra út Feanwalden. Hy fertelt oer de situaasje fan it gesin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)