Weistra op wei fan 10 juny 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Weistra op wei fannemiddei rom omtinken foar de earste fan de twa Iepen Dagen fan Loftmacht, op de Fleanbasis Ljouwert. Ferslaggen en ynterviews fan reporters "ter plaatse". Fierder de fêste saken op freed: Bart Kingma mei syn satiryske blik op de aktualiteiten yn It Nijs fan de Bûtenpost, en adfokaat Bart Canoy sil it ha oer de proef yn de Ljouwerter finznis wêrby't detinearden mear belutsen wurde by de húshâlding thús, en dan foaral by de opfieding fan de bern. Wannear't heiten har ferantwurdelikheid nimme (moatte), ferfalle se minder gau yn de kriminaliteit, sa is de gedachte.

Dat, mei it lêste Fryske nijs en It Slotstik, yn Weistra op wei. It programma wurdt hjoed presentearre troch Eric Ennema.

16:09 - Style Council - Shout To The Top
16:16 - Vangrail - Naar De Zee
16:38 - Dua Lipa - Be The One
16:49 - First Aid Kit - My Silver Lining
17:11 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
17:21 - Eric Clapton - Can't Let You Do It
17:37 - Shaka Kahn - I'm Every Woman
17:47 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
17:54 - Demis Roussos - My Friend The Wind

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)