Weistra op wei fan 10 april 2015 16:00

Harm jout hjoed omtinken oan it nije wetterskipsbestjoer. Hy praat ûnder oare mei Egbert Berents fan de ChristenUnie, in partij dy't nij is yn dat bestjoer. Jan Tekstra en Syb van der Ploeg jouwe har oardiel oer 'Het regent zonnestralen' fan Acda en De Munnik, dat troch de harkers fan 3FM keazen waard ta moaiste Nederlânske ferske ea.

Neffens it Friesch Dagblad driget der in tekoart oan oargelisten, benammen ek omdat twatredde fan de oargelisten boppe de fyftich is. Harm praat mei in Friezinne fan tweintich, dy't al hast tsien jier op in tsjerke-oargel spilet. En Maarten Peters fertelt oer syn foarstelling 'Bevroren tranen', dêr't er moarn mei te sjen is yn de Harmonie yn Ljouwert en nije wike freed yn de Lawei yn Drachten.

16:09 - Handsome Poets - Stardust
16:16 - Sheppard - Geronimo
16:25 - Shelby Lynne - Why Didn't You Call Me
16:38 - The Kik - De Zomer En Jij
16:49 - Jan Nota - Bmy
17:09 - Vanvelzen - Baby Get Higher
17:16 - Mark Knopfler - Beryl
17:25 - Swinder - Spiet
17:38 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me
17:46 - Madonna - Open Your Heart
17:50 - Jannes - Laat De Zon Maar Schijnen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)