Weistra op wei fan 1 maart 2016 16:00

Weistra op wei stiet hjoed yn it teken fan Amearika, dêr't it Super Tuesday is. Yn in grut tal steaten wurde foarferkiezings hâlden foar de presidintskandidaten fan de demokraten en de republikeinen. Wa nimme it yn novimber tsjin mekoar op om presidint fan Amearika te wurden?

Dat kin hjoed al dúdlik wurde, as der in dúdlike winner komt. Ald-Jouster Bianca Pander folget de ferkiezings yn Amearika op de foet. Se hat sels kampanje fierd foar it kamp fan Hillary Clinton. Wy belje efkes mei har.

Fierder fertelt Aris-spiler Joe O'Shea oer de ferkiezings. Ek hy folget it mei grutte belangstelling. O'Shea komt út Vermont, de hometown fan demokraat Bernie Sanders. Hy hopet ek dat Sanders wint, al tinkt er dat Hillary Clinton úteinlik de demokratyske presidintskandidaat wurde sil.

Dêrneist hat KRO Brandpunt jûn in bysûndere útstjoering oer de bruorren Koch yn Amearika. Dizze manlju mei Fryske woartels (pake Hotse kaam út Warkum) binne multymiljardêrs en wolle harren jild brûke om by de presidintsferkiezings ynfloed te krijen.

It kin mei dizze tema-útstjoering net oars, ek it slotstik giet oer Amearika. Wy hawwe wer trije platen útsocht, allegear oer de VS: 'Born in the USA', 'Kids in America' en 'America'. Stimme mar!

Bianca Pander en Joe O'Shea oer Super Tuesday

Eric Ennema yn petear mei Henk van der Aa fan Brandpunt

16:09 - Wham - The Edge Of Heaven
16:20 - Justin Bieber - Love Yourself
16:45 - Eddy Dykstra - Efkes Werom

17:09 - Lenny Kravitz - It Ain't Over 'til It's Over
17:19 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
17:40 - Lynyrd Skynyrd - Sweet Home Alabama
17:52 - Simon & Garfunkel - America

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)