Weistra op wei fan 1 desimber 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

It like sa'n moai idee fan de gemeente De Fryske Marren: we skaffe it brêgejild ôf. Sa'n klompke, dat is ommers net gastfrij! Dochs ûntduts rekreaasje-ûndernimmer Ed Landman fan Sondel dat der in "addertje" ûnder it gers siet: om it misrinnen fan it brêgejild te kompensearjen soe de toeristebelesting mei mar leafst 25 persint omheech moatte. It plan fan wethâlder Johannes van der Pal skeat de ûndernimmer yn it ferkearde kielsgat. Punt bliuwt fansels wol: as je it klompke ôfskaffe - wêr moat dat jild (sa'n 2,5 ton per jier) dan weikomme? De ûndernimmer en de wethâlder gean meielkoar yn diskusje.
Dan giet De Koers fan 'e middei yn Drachten yn premjêre. Dizze nije dramasearje wurdt fan jannewaris ôf troch Omrop Fryslân TV útstjoerd. De searje hat noch in oar doel: jongeren oan it lêzen krije. Ek dêroer mear, yn Weistra op wei.
Fierder fansels it Fryske nijs: in nije needopfang yn Ljouwert, en de kânsen op in suksesfolle reanimaasje binne it grutste yn Slikenboarch, en yn It Slotstik kinst kieze út trije ferskes dy't mei "post" te meitsjen hawwe.

16:09 - Clarence Clemens & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
16:17 - Sam Hunt - Take Your Time
16:40 - De Kast - Op 'e Fyts
16:51 - Ed Sheeran - Sing
17:09 - Dodgy - Good Enough
17:19 - Henk Temming - Ik Vraag Aan Sinterklaas...
17:39 - Les Humphries Singers - Mexico
17:47 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
17:52 - Elvis Presley - Return To Sender

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)