Weistra op wei fan 1 april 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Weistra op wei omtinken foar de oername fan de fersoargingshuzen fan Pasana. Foar de bewenners en it personiel liket der einlik wat mear dúdlikens te kommen no't bekend is dat Kwadrant soarchgroep en ZuidOostZorg de nije eigeners binne. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust skoot oan om te fertellen oer de reaksjes op dit nijs.

Fierder is hjoed nei goed 30 jier in ein kaam oan it molkkwotum. Foar boer Geart Kooistra, foarsitter fan LTO-Noard, in memorabel momint, want hy wie by de ynfiering yn 1984 krekt begûn as boer. Hy fertelt by Harm yn de studio oer dy tiid as begjinnend boer.

Ek sjocht Harm werom op de steateferkiezings fan 1978 mei Eelke Lok.

En Harm bellet noch efkes mei kabaretier Eric Sauers. Hy stiet ynkoarten twa kear yn Fryslân mei syn nije programma 'Ontroert'.

Harm belle ek noch mei twa bewenners fan fersoargingshûs Talma Hoeve yn Feanwâlden

16:07 - Weima & Van Der Werf - Stoarm
16:16 - Doors - Love Her Madly
16:25 - Ronde - Run
16:38 - U2 - Sweetest Thing
16:50 - James Blunt - Stay The Night
17:09 - Toploader - Dancing In The Moonlight
17:18 - Julian Lennon - Too Late For Goodbye
17:36 - America - A Horse With No Name
17:50 - Herman's Hermits - No Milk Today

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)