Us dieretún fan 19 septimber 2016 18:45

Yn Us dieretún ûntfange we dizze wike in nije seehûn mei de namme Pipito. Hy komt mei de auto hielendal út Brabân. En der komme ek in tal nije unike fûgelbewenners by, ien dêrfan is de Bahama Pijlstaart ein en in oantal lytse wite ielreagers dy’t yn it wyld allinnich hiel selden op 'e waadeilannen briede.

Alle dagen begjinne de meiwurkers mei it fuorjen fan de bisten. En earste fersoarchster Stephanie giet nei de Tapirs om it moarnsbrochje te fersoargjen. De bisten hawwe moaie Fryske nammen krigen. Epke en Doutzen en soan Tinus.

Diel dit berjocht op:

Us dieretún

AquaZoo is flink útwreide mei bisten en it park ûndergie ek fuort in flinke opknapbeurt. Omrop Fryslân folge de fernijingen op ‘e foet yn Us dieretún.
    Radio iconUtstjoering: Alle moandeis om 18.40 oere.
(advertinsje)