Us dieretún fan 17 july 2016 17:30

Yn Us Dieretún hawwe we trije moannen de ûntwikkelingen by Aqua Zoo folge. Der ha hiel wat feroaringen yn de bistetún west. We sjogge yn de lêste ôflevering hoe't it no is mei de nije bisten dy’t oankaam binne yn de ôfrûne moannen. En de fersoargers fertelle hoe't se de takomst sjogge. We komme ek mear te witten oer de plannen mei hendikepte seeskyldpodden dy’t nei de simmer komme sille. En we sette de iisbearen oan it wurk mei boartersguod.

Diel dit berjocht op:

Us dieretún

AquaZoo is flink útwreide mei bisten en it park ûndergie ek fuort in flinke opknapbeurt. Omrop Fryslân folge de fernijingen op ‘e foet yn Us dieretún.
    Radio iconUtstjoering: Alle moandeis om 18.40 oere.
(advertinsje)