Us Derek fan 7 jannewaris 2013

In hynder keapje is net sa djoer. Mar in hynder ûnderhâlde is in hiel oar ferhaal. Dêr komme we as eigeners fan Us Derek sa stadichoan wol achter. Mar gelokkich binne der in soad minsken yn Fryslân dy't ús draafhynder in waarm hert tadrage. Dat binne de donateurs. Guon fan dy donateurs dogge der alles oan om safolle mooglik jild yn te sammeljen om Derek op de baan te krijen. Bonne van der Bij... is sa'n ien. Hy organisearret fan alles foar Us Derek en dat wylst hy sels ek eigener is fan in in hynder. Bo Oldeson, fiere famylje fan ús Derek. We giene in jûntsje mei Bonne te klaverjassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)