Us Derek fan 26 augustus 2013

It binne spannende tiden foar de sportredaksje fan Omrop Fryslân. Nei twa jier wachtsjen sil it barre: ús Derek, it drafhynder fan de sportredaksje, sil snein syn earste koers drave. Neffens pikeur en trainer Arend de Wrede is Derek der hielendal klear foar. De Wrede hat hege ferwachtings.

Yn it hol fan de liuw, de drafbaan yn Wolvegea, sil Derek Buitenzorg sjen litte wat er wurdich is. It hynder waard twa jier lyn troch de sportredaksje rêden fan de slacht. Sûnt dy tiid is er yn training.

Nei twa mislearre pogingen om him foar de races te pleatsen slagge it by de tredde kear wol. En dêrom mei Derek no op 1 septimber syn offisjele earste koers rinne mei Arend de Wrede. De Wrede naam dizze maaitiid de training oer fan Sjoukje Wagenaar dy't de Derek de earste oardel jier ûnder har bewâld hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)