Us Derek fan 11 febrewaris 2013

It is alwer in skoftke lyn dat we wat heard ha oer Us Derek. It hynder fan de sportredaksje is kastreard en moast dêrnei útrêste. Mar yntusken is de training wer oppakt. It is it jier fan de wierheid, want dit foarjier moat ús Derek him kwalifisearje om dêrnei syn earste echte koers te draven. De kastraasje wie dêrfoar in goeie saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)