Tsjek fan 20 augustus 2013

Dizze wike yn Tsjek: WitWat

WitWat oer draaie, swypkje en swaaie
Hoe makkest in kermisattraksje? De bern yn Tsjalbert dogge har bêst mei lego en Knexx, mar hoe giet dat no yn it echt? Marieke giet nei Terbant want dêr wurde kermisattraksjes betocht en makke. As se oan fytsen komt, binne se krekt in attraksje oan it testen. Want sa'n attraksje moat fansels wol feilich wêze! Soe Marieke der yn doarre?
Minke, bistkundige yn WitWat fertelt wat foar bisten in echt "uitje is". En hasto wolris echte hynders yn in draaimole sjoen?

http://www.tsjek.nl/witwat-lietsjes

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)