Tomketiid fan 2 febrewaris 2013

As Tomke wer út it sikehûs thúskomt wol Romke him ferrasse.
Mar dan betinkt er wol in hiel nuver kadootsje foar him.

Yn Fratsen sille Pier en Marike efkes fuotbalje.
Omdat se gjin doelpeallen ha, brûke se de bylden út 'e tún fan har mem.
Mar oft dat wol sa tûk is?

It lietsje giet oer siik wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)