Tomketiid fan 15 desimber 2012

Tomketiid 69

Tomke giet hjoed wer nei skoalle ta.
Se meitsje dêr in túntsje.
As se de siedsjes yn de grûn dien ha, meie se it wetter jaan.
No moatte se wachtsje oant de plantsjes boppe de grûn komme.
Mar dat duorret Tomke fierstente lang.

Yn Fratsen fertelt Pake it ferhaal oer 'it gebed fan de guozzen'.
Der is in foks dy 't de guozzen pakke wol mar dy betinke in trúk.
Soe it slagje?

It lietsje giet dizze kear oer 'De boer'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)