Tomketiid fan 11 maaie 2013

Tomke, Romke en Kornelia sille mei de trein.
Se geane in dei nei Snits.
Dan komt der in man neist Romke sitten mei in tas en dy rûkt wol hiel lekker.

Krekt bûten it doarp stiet in âld hûs.
It stiet al hiel lang leech en sommige ruten lizze der al út.
Pier wol der graach efkes yn sjen, mar Marike doart dat net.

It lietsje giet hjoed oer 'De skommel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)