Tafel 18 fan 26 augustus 2016 17:20

Yn Tafel 18 sjogge we hoe't de trije oerbleaune kandidaten stride om it earste plak.

De trije finalisten moatte oan de slach mei de finale-opdracht: se moatte in trijegongemenu meitsje mei in foargerjocht, haadgerjocht en neigesetsje. De betingsten binne it selde as de foarige kearen: streekprodukten ensafuorth. We folgje de trije kandidaten thús by de tariedings (neitinke, oefenje ensafuorth.) en se rinne in dei staazje yn Lauswolt, wêr’t se ek byspikere wurde yn presintaasje, út servearjen en wynarranzjeminten. Wa soe hjoed wer de measte punten behelje?

Dit programma is earder útstjoerd yn novimber 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)