Tafel 18 fan 24 oktober 2015 17:00

Yn ôflevering 2 stean goed 30 dielnimmers oan de start om har moaiste bittergarnituer te meitsjen.
Dy moat bestean út trije hapkes: ientsje mei fleis, ientsje mei fisk en ientsje mei griente. De kandidaten hawwe it thús tariede mocht, mar krije yn de keuken fan restaurant Wannee maksimaal in healoere om it wurk ôf te meitsjen. En dan moatte se mei it resultaat foar de sjuery ferskine.

Jorrit, Dirk en Anja út ôflevering 1 binne derby, mar we sjogge ek alle oaren yn de striid. Guon binne wis fan harsels en ûntspannen, by oaren levert de tiidsdruk in soad stress op. En der stiet ek nochal wat op it spul: allinnich de bêste seis dielnimmers gean troch yn Tafel 18, de oaren meie fuort wer nei hûs ta.
En sa sjogge we de hearlikste hapkes oan de eagen en mûlen fan de sjueryleden foarby lûken.
En sjogge we de koks switten, senuwachtich wêzen en yn spanning ôfwachtsjen.

We meitsje de earste winner bekend fan de priisfraach dy't in plakje yn de publykssjuery oplevert, en minsken kinne meidwaan oan de folgjende priisfraach. Oan de ein fan de ôflevering witte we hokker seis kandidaten by ús bliuwe sille, en oan de slach kinne mei de folgjende, grutte opdracht: it meitsjen fan in folslein haadgerjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)