Swipedei

    De Swipedei is in prachtige tradisjoniele koersdei op de drafbaan fan De Jouwer. Hichtepunt is de striid foar froulike pikeurs om De Gouden Swipe. Mar der binne folle mear moaie koersen. En dit jier is Derek Buitenzorg, it hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân ek fan de partij. Omrop Fryslân is dit jier mei televyzje en ynternet live by. De útstjoering op ynternet begjint om 13.30 oere en dy op televyzje om 14.00 oere. It kommentaar wurdt fersoarge troch baanspeaker Hans Sinnige. De televyzje hâldt der om 17.00 oere, nei de wichtigste koersen, mei op. Wa't dan noch fierder sjen wol kin op ynternet terjochte.

    www.omroplive.nl

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)