Stille skatten fan 7 septimber 2016 18:45

    Museum Dr8888
    Jûn yn Stille Skatten: Museum Dr8888. Dit museum leit de klam op byldzjende keunst út de foarige iuw. Mei de Fryske keunstners Thijs en Evert Rinsema en harren freon Theo van Doesburg. De manlju rekken belutsen by de ynternasjonale Avantgarde-beweging en hellen ferneamde fertsjintwurdigers fan De Stijl en Dada nei Drachten. Direkteur Paulo Martina nimt ús mei nei de Stille Skatten dy’t achterlitten binne. Alle dagen te sjen fan moandei 5 oant 9 septimber.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)