Sportgala Fryslân 2014

Wa wurde Fryslân’s sporters en sportploegen fan it jier 2014? Dat wurdt woansdei 18 febrewaris bekend op it Sportgala Fryslân. Omrop Fryslân stjoert dat spektakel fan 20.00 oere ôf live út op de ynternetstjoerder Omroplive.nl.

It Fryske publyk en de faksjuery bepale elk foar de helte wa’t de winners wurde yn de kategoryen Sportman, Sportfrou, Sporttalint, Sportploech, Hendikepte sporter en Fryske sporter. De winners fan dy kategoryen meie harren Pim Mulierprijs yn ûntfangst nimme fan de Kommissaris fan de Kening, John Jorritsma of fan kabaretier Jan Jaap van der Wal. Op foardracht fan de faksjuery wurdt ek in oeuvrepriis, de Fryske sportpriis, útrikt troch de provinsje Fryslân. De sportstimulearringspriis giet nei de basisskoalle mei ‘de leukste gymles ea’.

Nominearre sporters binne ûnder oaren: reedriders Jorrit Bergsma, Sven Kramer en Ireen Wüst, sylster Marit Bouwmeester, keatster Leonie van der Graaf, swimmer Olivier van de Voort en de shorttrack relayploech fan de manlju. It Sportgala Fryslân is in inisjatyf fan Sport Fryslân. Wa’t de winners wurde is rjochtstreeks te folgjen fia www.omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)