Solarsjoernaal fan 9 july 2012

Dei 1 fan de Dong Energy Solar Challenge.
Foar de fjirde kear giene de sinneboaten fan start yn de Prinsetún yn Ljouwert. Hast gjin sinne en in hurde wyn begeliede de boaten op de earste etappe nei Snits. Mar earst sjogge we werom nei de snein, doe't sjongeres Iris Kroes yn 'e Prinsetún in spesjaal makke Solar-liet song by de offisjele iepening. Yn it wedstrydferslach wurdt dúdlik dat de sinneboaten hjoed net oer it Sleattemermar kinne fanwege de hurde wyn. Yn Snits is wol in herstart, mar it einpunt fan de earste etappe leit hjoed net yn Sleat mar yn Wâldsein. En hoe is it mei it team fan Vripack, it bedriuw út Snits dat alwer foar de tredde kear meidocht, en ditkear fansels foar de haadpriis giet... (foar mear ynformaasje en de útslach sjoch www.dongenergysolarchallenge.nl )

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)