Solarsjoernaal fan 14 july 2012

De lêste etappe fan de Dong Energy Solar Challenge. It lêste stik fan dizze Alvestêdetocht foar sinneboaten giet fan Dokkum nei de Grutte Wielen. Nei de herstart farre de boaten foar it earst dwers troch de binnenstêd fan Ljouwert nei de finish yn de Prinsetún. Slagget it de minsken fan de Private Energy Solar út Ljouwert om nei alle malheur fan dizze wike dochs foar in twadde plak yn it einklassemint te gean?

En wy sjogge noch wer werom op de hiele wike. Sinne mar foaral ek in soad rein en wyn. Mei pechfûgels en kânshawwers. Sinezen foar it earst yn in sinneboat en reparaasjes, sels oan 'e oare kant fan de ôfslútdyk.

Yn de Prinsetún folget dan de ûntknoping fan dizze wike, mei as hichtepunt de huldiging fan de winner fan dizze fjirde edysje fan de Dong Energy Solar Challenge 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)