Sneon yn Fryslân fan 9 april 2016 13:00

De Fryske sportkoer wie ferline wike by Freddy Sinnema út Wergea. Freddy is al 21 jier leider fan it earste alvetal fan VV Wergea. Hy joech de koer troch oan Grietsje Stoker-Annema. Sy is frijwilliger by kuorbalklup Wêz Fluch yn Himpens en sit boppedat yn it nasjonaal toulûkteam.

En der is folop sport fan 'e middei. Spanning is der op sportpark De Bosk, dêr't Harkemase Boys fan 'e middei kampioen yn de haadklasse C wurde kin. De Harkiten nimme it thús op tsjin AZSV út it Achterhoekse Aalten. De ploech fan trainer Jan Vlap moat sels winne en is dan noch ôfhinklik fan wat de konkurrinsje docht. Dus it belooft in spannende middei te wurden. Andor Faber docht fan healwei trijen ôf live ferslach.

Koos Wieling is yn Súd-Hollân, dêr't ONS it opnimt tsjin FC Lisse. De Snitsers binne noch altyd op jacht nei punten yn de striid tsjin degradaasje. En it moat hjoed heve, want Lisse stiet op it ien nei lêste plak.

Drachtster Boys nimt it yn Rijssen op tsjin Excelsior '31. De Drachtsters stean noch altyd op it lêste plak en kin degradaasje hast net mear ûntrinne. Wy hâlde jo op 'e hichte fan de stân fan saken.

En wy meie wer kaarten fuortjaan foar Aqua Zoo. Moarn (snein) is der wer in ôflevering fan de tv searje Us Dieretún. Programmamakker Herman Zeilstra skoot aanst wer oan mei in nijsgjirrige priisfraach. De winner krijt twa twa frijkaarten foar in besite oan it bistepark yn Ljouwert. Hoe't jo meidwaan kinne? Harkje om 14.15 oere en wy lizze alles út!

En fansels draaie wy wer jo moaiste plaatsjes. Fersykjes kinne trochjûn wurde troch te sms'en of appen nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei diana@omropfryslan.nl. En wa wit draaie wy fan 'e middei jo favorite nûmer!

13:06 - Stray Cats - Rock This Town
13:12 - Mud - Dyna-Mite
13:15 - Pogues - The Irish Rover
13:24 - Oleta Adams - Window Of Hope
13:32 - Bob Sinclar - Love Generation
13:38 - Bzn - Mon Amour
13:45 - Griet Wiersma - 't Famke Fan 'e Winkel
13:50 - Frizzle Sizzle - Alles Heeft Een Ritme
14:08 - Joe Cocker - Feels Like Forever
14:13 - Piter Wilkens - De Bearenburch Is Myn Sjirurch
14:20 - Harkemase Boys - Clublied - Come On The Boys
14:23 - Royksopp - Eple
14:27 - Bastille - Things We Lost In The Fire
14:38 - King - Love And Pride
14:50 - Fun - Some Nights
15:07 - Ginger Ninja - Sunshine
15:12 - Cats - La Dilligence
15:18 - Toto - I'll Be Over You
15:27 - Danyel Gerard - Butterfly
15:33 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
15:43 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
15:47 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball
15:53 - Ancora - Word Zeeman
16:05 - Robbie Williams - Supreme
16:11 - Die Twa - Fugels
16:18 - Proclaimers - I'm Gonna Be
16:31 - Scene - Iedereen Is Van De Wereld
16:35 - Dire Straits - Ticket To Heaven
16:43 - Jon & Vangelis - I'll Find My Way Home
16:50 - Bruce Springsteen - We Shall Overcome
17:02 - O.M.D. - So In Love
17:06 - Idina Menzel - Let It Go
17:11 - Elske Dewall - Black Water
17:17 - Black Eyed Peas - Where Is The Love
17:25 - Wiko's - Hoantsje Op 'e Toer
17:28 - Chris Cab - Liar Liar
17:34 - Jason Derulo - Want To Want Me
17:46 - Cuby & Blizzards - Appleknockers Flophouse
17:54 - Anita Meyer - Why Tell Me Why

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)