Sneon yn Fryslân fan 5 septimber 2015 13:00

Bisto al drok oan it hurdrinnen mei Fit mei Femke? Noch ien wykje en dan is it safier: de Simmer yn Fryslân Loop op snein 13 septimber. Om de puntsjes op de i te setten organisearje wy fan 'e middei de lêste hurdrin-clinic mei trainer Jaring de Groot en Femke de Walle. Fan 14.00 oere ôf start de les en jim binne fan herte wolkom! Dielname is fergees.

Fansels sit der ek folop sport yn de útstjoering. Roelof de Vries is yn Spakenburg, dêr't topklasser ONS it opnimt tsjin IJsselmeervogels. En fansels hâlde wy jo op 'e hichte fan Drachtster Boys dat it yn de earste útwedstriid fan it seizoen opnimt tsjin Genemuiden.

En fansels ha wy wer entûsjaste frijwilligers yn de studio. Harmina Pieterson siket nije frijwilligers foar it Leger des Heils. Dêr binne se dwaande mei in hiel bysûnder projekt. Benijd wat se krekt dogge? Harkje dan om 13.00 oere nei Sneon yn Fryslân.

Wy ha der wer sin oan!

Harmina Pieterson en Alina Jongsma

It Leger der Heils yn Ljouwert iepenet dizze moanne in húskeamer foar prostituees. De húskeamer komt yn it gebou fan de GGZ op de Weaze. Dit is it gebiet yn Ljouwert dêr't de measte prostituees wurkje. Doel is dat de froulju efkes yn de húskeamer bykomme kinne. Se kinne in bakje kofje nimme of in kopke sop krije. Ek kinne se yn kontakt komme mei frijwilligers en in praatsje meitsje. Neffens it Leger des Heils ha de prostituees faak in hiel iensum libben en kinne se nergens hinne as se problemen ha. Foar it projekt wurde noch frijwilligers socht dy't Spaansk prate of in taal út it Eastblok.

Minsken dy't belangstelling ha om frijwilliger te wurden kinne maile nei harmina.pieterson@legerdesheils.nl of belje mei it Leger des Heils yn Grins 050-3172670

11:26 - Bryan Adams & Melanie C. - When You're Gone
11:47 - Phil Collins - Something Happened On The Way To Heaven
12:16 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
12:45 - Marlayne - One Good Reason
13:05 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
13:10 - Lost Frequencies Ft. Janieck Dev - Reality
13:14 - Queen - Don't Stop Me Now
13:19 - Doelleazen Ft. Jelle B & Minke - Us Doarp
13:23 - Gilbert O'sullivan - Nothing Rhymed
13:27 - Alain Clark - Blow Me Away
13:34 - Abc - The Night You Murderd Love
13:44 - Gladys Knight & The Pips - Midnight Train To Georgia
13:55 - Nico And Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
14:06 - Coldplay - The Hardest Part
14:11 - De Kast - De Hel Foarby
14:18 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
14:25 - Hollies - Long Cool Woman In A Black Dress
14:32 - Joe Cocker - Feels Like Forever
14:41 - Harpo - Moviestar
14:44 - Byrds - Mr. Tambourine Man (Original)
14:49 - Ilse Delange - All The Answers
15:05 - Joe Dolan - You're Such A Good Looking Woman
15:11 - Alexis Jordan - Happiness
15:24 - Sugar Lee Hooper - De Wandelclub
15:33 - Kenny B - Parijs
15:38 - De Hunekop - De Papegaai
15:42 - R.E.M. - Imitation Of Life
15:49 - Cocktail Trio - Trouw Niet Voor Je Veertig Bent
15:55 - Ynslach - Voodoo

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)