Sneon yn Fryslân fan 31 oktober 2015 13:00

Wat is it skitterjend hjerstwaar net? Toch hoopje wy fansels dat jim wer gesellich by de radio sitte fan 'e middei. Wy ha nammentlik wer fiif prachtige oerkes Sneon yn Fryslân foar jo yn petto.

Sa krije wy trije bysûndere gasten yn de studio. Marga Tuinstra fan It Hearrenfean is al in oantal jier gastgesin foar ynternasjonale studinten út it bûtenlân. Dat docht sy foar de organisaasje YFU. Sels is Marga yn 1980 as útwikselingsstudint nei Amearika west. Sy wit dus hoe wichtich in leuk gastgesin is. En dochter Emilie hat de smaak ek te pakken en is ferline jier nei Amearika west. Op dit stuit wennet de 16-jierrige Lucía út Argentinië by harren yn hûs. Alle trije froulju komme nei de studio om harren ferhaal te dwaan.

De YFU siket noch folle mear leuke gastgesinnen yn Fryslân. Liket it dy wat? Sjoch ris op harren webside foar mear ynformaasje.

En fansels binne wy wer op de fuotbalfjilden te finen. Koos Wieling is op it Sudersportpark yn Snits dêr't ONS it opnimt tsjin DVS ’33 út Ermelo. Yn de haadklasse stiet in wiere streekderby op it programma. Hikkesluter Drachtster Boys nimt it thús op tsjin koprinner Harkemase Boys. Kinne de Drachtsters foar in stunt soargje? Hijlko Broersma hâldt ús op 'e hichte. En Geert van Tuinen docht live ferslach fan de Fryske twastriid tusken BCV en Blau Wyt ’34.

Folop sport, moaie ferhalen en boppedat jo fersykjes. Wat kinne wy fan 'e middei wer foar jo draaie? Lit it ús witte troch te mailen nei diana@omropfryslan.nl of stjoer in sms'ke of appke nei 06 20 499 199. Reageare op facebook kin fansels ek troch in berjochtsje achter te litten op de pagina fan Diana op sneon.

De organisaasje YFU siket gastgesinnen foar studinten út it bûtenlân

De 16-jierrige Argentijnske Lucia is foar in jier yn Fryslân. Se sit by in gastgesin yn Hearrenfean. De famylje Tuinstra is bekend mei útwikseling. Dochter Emilie hat in jier yn Amearika sitten en mem Tuinstra hat earder ek yn it bûtenlân studearre.

Lucia is fia de organisaasje YFU yn kontakt kaam mei it gesin. Der wurde noch mear gesinnen socht dy't studinten in thús jaan wolle. Belangstelling? Sjochris op de webside YFU.nl

13:07 - Tight Fit - The Lion Sleeps Tonight
13:11 - Jan Smit & Gerard Joling - Echte Vrienden
13:16 - Queen - Bohemian Rhapsody
13:23 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball
13:27 - Aldjiersploech Marsum En Van W - Marsum Ahoy
13:32 - James Blunt - Stay The Night
13:43 - De Kast - In Nije Dei (Live)
14:07 - Zouk Machine - Maldon
14:12 - Diggelfjoer - Heit Mei 'k Mei
14:18 - Suzi Quatro - She's In Love With You
14:22 - Bruce Springsteen - No Surrender
14:28 - Nico & Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
14:33 - John Farnham - You're The Voice
14:42 - De Hunekop & Strawelte - De Herder En De Wetterhun
14:51 - Alicia Keys - If I Ain't Got You
15:05 - Robbie Williams - Supreme
15:20 - Rolling Stones - She's A Rainbow
15:33 - Magic - Rude
15:38 - De Jeugd Van Tegenwoordig - Sterrenstof
15:45 - Reboelje - De Fugel Yn Dy
16:05 - Leaf - Wonderwoman
16:13 - Abba - Dancing Queen
16:17 - Ike & Tina Turner - River Deep Mountain High
16:24 - Enya - Paint The Sky With Stars
16:34 - Kim Wilde - Cambodia
16:41 - Piter Wilkens - Liwwarder Blues
16:46 - Rowwen Heze - November

17:02 - Bruce Hornsby - The Way It Is
17:08 - Walkers - There's No More Corn On The Brasos
17:15 - Peter Fox - Haus Am See
17:21 - Normaal - Mama Woar Is Mien Pils
17:34 - Capital Cities - Safe And Sound
17:42 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
17:49 - Anneke Douma - De Woanark
17:54 - Tina Turner - The Best

Diel dit berjocht op:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199.
Presintaasje: 
Diana de Groot
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 13.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)