Sneon yn Fryslân fan 28 maaie 2016 13:00

Wy begjinne de middei mei de Fryske sportkoer. De koer wie ferline wike by Yme Waterlander fan swimklup HZ&PC Hearrenfean. Hy joech de koer troch oan Anne Knol fan fuotbalklup De Wite Peal. Wy belje fan 'e middei mei him.

En fan 'e middei wurdt der folop fuotballe yn de neikompetysje. Ien dêrfan is Balk, dy't it thús opnimt tsjin Heinenoord om promoasje nei de haadklasse. Ferslachjouwer Koos Wieling hâldt ús op 'e hichte.

Ek fan 'e middei meie wy wer kaarten fuortjaan foar Aqua Zoo. Moarn (snein) is der wer in ôflevering fan de tv searje Us Dieretún. Programmamakker Herman Zeilstra skoot aanst wer oan mei in nijsgjirrige priisfraach. De winner krijt twa 2 frijkaarten foar in besite oan it bistepark yn Ljouwert. Hoe't jo meidwaan kinne? Harkje om 14.15 oere en wy lizze alles út!

Hiel wat oars. De hiele wike stie by Omrop Fryslân yn it teken fan de aksje 'Klopjend hert foar Fryslân'. Hjoed is de lêste dei fan de aksjewike om der safolle mooglik boargerhelpferlieners derby te krijen. Tiid om de einstân op te meitsjen. Om fiif oere skoot Erwin Duursma, foarsitter fan de Stichting Fryslân Hartveilig, oan yn de studio om de stân fan saken bekend te meitsjen.

En fansels draaie wy wer jo moaiste plaatsjes. Fersykjes kinne trochjûn wurde troch te sms'en of appen nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei diana@omropfryslan.nl. En wa wit draaie wy fan 'e middei jo favorite nûmer!

13:07 - Rick Astley - Never Gonna Give You Up
13:16 - Frank Ashton & Mariska Van Kol - Let Your Sun Shine
13:26 - De Hunekop - Hurdfytser
13:32 - Kylie Minogue - Can't Get You Out Of My Head
13:36 - Cuby & Blizzards - Appleknockers Flophouse
13:39 - Gladys Knight & The Pips - Baby Don't Change Your Mind
13:45 - Creedence Clearwater Revival - Down On The Corner
13:47 - Motors - Airport
14:07 - Bee Gees - Alone
14:13 - Ac/Dc - Highway To Hell
14:19 - Royksopp - Eple
14:22 - Counting Crows & Blof - Holiday In Spain
14:27 - Murk Aukema - Story Like Yours
14:32 - Belle Stars - Sign Of The Times
14:38 - Cats - Rock 'n' Roll
14:46 - James Bay - Best Fake Smile
14:51 - Aldjiersploech Marsum & Van Wieren - Marsum Ahoy
15:04 - Alain Clark - Blow Me Away
15:09 - Piter Wilkens & Blue June - Leafde (Live)
15:13 - Enrique Iglesias (Ft. Wisin) - Duele El Corazon
15:21 - Eleanor Mcevoy - Only A Woman's Heart
15:25 - De Kast - In Nije Dei (Live)
15:33 - Magic - Rude
15:39 - Zangeres Zonder Naam - Mexico (Live)
15:46 - Pigmeat - I Saw The Light
15:51 - Griet Wiersma - Wa's Dekbed
16:05 - Marc Anthony - You Sang To Me
16:10 - Vangrail - Naar De Zee
16:15 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
16:21 - Everly Brothers - On The Wings Of A Nightingale
16:24 - Next One - I Love You So
16:31 - Hans De Booy - Annabel
16:38 - Die Twa - Fugels
16:41 - Dua Lipa - Be The One
16:48 - Steppenwolf - Born To Be Wild
16:54 - Wiko's - It Buthusbankje
17:02 - John Farnham - You're The Voice
17:08 - After All - If You Need Me
17:20 - Marit - Libbenstier
17:24 - E.L.O. - Roll Over Beethoven
17:32 - Taylor Swift - Shake It Off
17:36 - Douwe Bob - Slow Down
17:40 - Willie Nelson & Ray Charles - Seven Spanish Angels
17:44 - Dnce - Cake By The Ocean
17:48 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
17:53 - No Doubt - Don't Speak
17:57 - Boxtops - The Letter

Diel dit berjocht op:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199.
Presintaasje: 
Diana de Groot
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 13.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)