Sneon yn Fryslân fan 22 oktober 2016 13:00

De presintator fan Sneon yn Fryslân is hjoed Johan Terpstra.
Fersykjes kinne ek wer oanfrege wurde fia de sms of de app op 06-20 499 199!!
Ek kin der wer wat wûn wurde. Dus hearsto de dingdong? Belje dan mei 058 212 36 18!

Der is hjoed ast gjin fuotbal. We binne wol by de wedstriid Jistrum-Droegeham, in echte streekderby yn de ûnderein fan 5B. It sfearferslach komt fan Hijlko Broersma.

Fansels binne we benijd wêr't de sportkoer dizze wike bedarre is.

Ek ha we wer in resept fan Sietske Poepjes. Wat dat is, ja dat witte wy sels net! In ferrassing dus.

Fierder belje wy mei Simon van Steinvoorn. Hy is mei in groep Friezen op it Kroatyske eilân Istria foar de Wild Boar Valley Challenge dy't holden wurdt fan 16-22 oktober. Dat is in heftige race mei 4x4 auto's troch de blubber en de wyldernis. Se binne der mei sa'n 12 racers en 12 monteurs. Hjoed is de lêste dei en we binne benijd hoe't de mannen it der fanôf bringe!

Sportkoer is by Janke vd Schaaf yn Oentsjerk

resept Sietske Poepjes

Resept foar de parre-hjersttaart:
100g bûter (hurd, yn stikjes)
225g gewoane blom
25g poeiersûker
1 aai, kloppe yn in kopke

Foar de fulling
175g sachte bûter
175g basterdsûker
3 kloppe aaien (yn kopke)
175g fynhakte amandelnútsje
40g gewoane blom
1 tl rumekstrakt
6–8 ripe parren (skyld en yn parten snijd)

Ming foar de boaiem fan de taart, de sûker mei de blom. In bytsje sâlt derby. Jit de stikjes bûter derby & it kloppe aai en meitsje der mei de hânnen in krommelich gehiel fan. Lis efkes yn de kuolkast te rêsten, ferpakt yn plastik.
Beklaai mei it krommelbeslach de boaiem fan in quiche-foarm (28. cm). Set dan noch efkes fuort yn de kuolkast.
Foar de fulling, rier de sachte bûter mei de sûker ta in glêd mingsel. Dan kin de kloppe aaien derby en de amandelnútsjes. Goed minge en letter de blom derby. As lêste it rumekstrakt.
Jit it mingsel yn de beklaaide quiche-foarm. Druk as lêste de parrestikjes op it amandelmingsel.
Bak foar 50 minuten yn in oven op 190 graden.
Goed ôfkuolje litte.

13:08 - Nick Kamen - I Promised Myself
13:14 - Foreigner - Feels Like The First Time
13:23 - Sam Hunt - Take Your Time
13:27 - Scene - Iedereen Is Van De Wereld
13:35 - Santana & Michelle Branch - The Game Of Love
13:40 - Joe Cocker - With A Little Help From My Friends
13:48 - Rolling Stones - Start Me Up
13:52 - Alvaro Soler - Sofia

14:09 - Weeknd - Can't Feel My Face
14:13 - Shola Ama - You Might Need Somebody
14:21 - Slimme Schemer Ft. Tido - Jelle
14:30 - Hunekop - Juf Janke
14:38 - Kelly Clarkson - Breakaway
14:43 - Boudewijn De Groot - Verdronken Vlinder
14:50 - Vengaboys - We're Going To Ibiza
15:07 - Cliff Richard - In The Country
15:11 - Pretenders - Back On The Chain Gang
15:18 - Normaal - De Boer Is Troef
15:22 - Timeflies - Once In A While
15:27 - Rowwen Heze - 't Roeie Klied
15:34 - Veldhuis & Kemper - Bijzonder
15:42 - Piter Wilkens - Felicia Farwol
15:45 - Ilse Delange - So Incredible

16:07 - Amy Macdonald - This Is The Life
16:11 - Bruce Hornsby - The Way It Is
16:20 - Shorts - Comment Ca Va
16:23 - Dua Lipa - Be The One
16:27 - Herbert Grönemeyer - Halt Mich
16:35 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
16:40 - Ub40 - Rat In Mi Kitchen
16:43 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
16:49 - Peter Gabriel & Kate Bush - Don't Give Up
17:04 - Bryan Adams - Run To You
17:08 - Wind Earth & Fire - Fantasy
17:17 - André Hazes - Leef Je Uit
17:21 - Fools Garden - Lemon Tree
17:25 - Vangrail - Laat De Muziek Aan
17:32 - Kensington - Streets
17:35 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
17:42 - No Doubt - Don't Speak
17:46 - Udo Jurgens - Ich Weiss Was Ich Will
17:50 - Shaggy - Boombastic
17:54 - Shakira - Waka Waka

Diel dit berjocht op:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199.
Presintaasje: 
Diana de Groot
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 13.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)