Sneon yn Fryslân fan 22 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

In simmerske middei mei in soad simmerske sport en in simmerske Festival.

We hâlde jim thús op de hichte fan it NK fierljeppen yn Vlist. Koos Wieling docht it ferslach.
Fansels binne we ek by de Barlehiemtocht, it iepen NK skeelerjen. Hijlko Broersma fertelt jim hjir alles oer.
Jan Braaksma hâldt foar ús it keatsen yn Bitgum by. Dêr is de haadklasse ofdielingswedstriid foar manlju.
En it fuotbaljen yn de topklasse giet wer los. Fannemiddei de wedstriid HHC-ONS en dêr sit Andor Faber.

Lennie Bronsveld is by festival Imaginarium yn Vijverspark by Tytsjerk. Sy fertelt wat foar bysûnder festival dit is.

Ek dizze middei wer de frijwilligers. Dit kear de frijwilligers fan Noarderbreedte dy't kollega's sykje. Annie Boersma fan de Batting yn Harns giet te kuierjen mei âlderen. Dick Stockel fan Abbingahiem yn Ljouwert docht bewege op muzyk en fitness mei âlderen. Antje van der Goot is koördinator fan it frijwilligerswurk by Noorderbreedte.
Foar ynformaasje kinne jo sjen op www.noorderbreedte.eu of belje mei de klanteservice fan Noorderbreedte 058-280 3030.

En fansels draaie wy fan 'e middei wer de lekkerste muzyk. Jo kinne jo plaatsjes wer oanfreegje fia de what's app of sms troch in berjochtsje te stjoeren nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei diana@omropfryslan.nl.

Wy ha der wer sin oan!

Annie Boersma fan de Batting en Dick Stockel fan Abbingahiem oer harren frijwilligerswurk

Antje van der Goot, koördinator frijwilligerswurk Noorderbreedte

13:04 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
13:09 - Guns 'n' Roses - Paradise City

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)