Sneon yn Fryslân fan 20 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Keninklike ferhalen, hearlike muzyk en folop sport fan 'e middei. Wy binne nammentlik de hiele dei te finen yn Snits dêr't de twadde edysje fan de Mar-athon holden wurdt. Timo Jepkema en Andor Faber dogge live ferslach op lokaasje en sykje nei nijsgjirrige dielnimmers. Hijlko Broersma sit foar ús yn Sint Anne dêr't de keatsfroulju de striid oangean by it NK ôfdielingskeatsen. Jan Braaksma hâldt ús op 'e hichte fan it haadklasse keatsen foar manlju yn Broeksterwâld.

En der is mear sportnijs, want Femke de Walle is yntusken al wer in oantal wiken drok yn training foar Fit mei Femke. Fan dizze wike ôf kinne jim by ús op de webside fergees de podcasts fine om sels ek oan de slach te gean. Mar hoe giet it eins mei Femke har eigen training? Hat se noch goeie tips?

Ek ha wy wer in frijwilligersoprop. Dit kear belje wy mei Aline Seepma fan Unicef Fryslân. Op 1 july jout de TV Show fan Ivo Niehe oandacht oan Unicef Fryslân. Doel is om nije donateurs te werven. En dêrfoar siket Aline noch entûsjaste minsken dy't yn it callcentrum sitte wolle om dizze nije donateurs yn te skriuwen.

Fryslân krijt hjoed keninklike besite, want kening Willem Alexander komt nei Ljouwert foar de histoaryske hurddraverij op It Saailân. Hjir sil de kening de Gouden Swipe útrikke oan de úteinlike winner. Ek prinses Beatrix is hjoed yn Fryslân. Beatrix nimt op De Lemmer de Floatskou ôf. Geale Groen en Wytse Vellinga dogge ferslach fan dit keninklike barren.

Fansels belje wy ek wer efkes mei de fytsfroulju Nathalie en Daniëlle, dy't noch altyd dwaande binne mei harren reis nei Santiago de Compostella yn Spanje. Se ha beide in eigen goed doel en in moai persoanlik ferhaal wêrom't se dit dogge.

En hâlde jo fan ronkende metalmuzyk? Harkje dan seker nei Sneon yn Fryslân, want Johanna Brinkman en Lars Hoekstra sitte foar ús by it metalfestival Dokk'em Open Air. Ha se de eardopkes al yn?

Unicef Fryslân siket frijwilligers foar it tillefoanteam foar in útstjoering fan Ivo Niehe

Oanmelde foar it tillefoanteam kin fia jheimgartner@unicef.nl
Foar mear ynformaasje oer frijwiliigerswurk by Unicef Fryslân kin je sjen op www.regionaal.unicef.nl/friesland

Lars Hoekstra wie by it festival Dokk'em Open Air

De hiele simmer dogge we ferslach fan ferskate festivals yn de provinsje. Sjoch foar mear ynformaasje http://www.omropfryslan.nl/simmer/festivette

13:07 - The Police - Every Little Thing She Does Is Magic
13:13 - Corry Konings - Je Moedertje
13:17 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
13:28 - Al Stewart - Year Of The Cat
13:34 - 10 Cc - Dreadlock Holiday
13:43 - Abba - Honey, Honey
13:51 - Jess Glynne - Hold My Hand
14:09 - Caro Emerald - Back It Up
14:17 - Piter Wilkens - Keatsbal
14:27 - Bruce Springsteen - Born To Run
14:35 - Racoon - Guilty
14:42 - Marco Borsato & Sita - Lopen Op Het Water
14:49 - Queen - Don't Stop Me Now
14:53 - Armand & The Kik - Snelle Jongens
15:14 - Judith Fledderus & Soel - Sin, Sin, Sinne (Simmerliet 2008)
15:31 - Rolling Stones - Start Me Up
15:37 - Lus - Al Mut Ik Krupe
15:44 - Bzn - The Summertime
15:49 - De Kast - Raak
16:04 - Kenny B - Parijs
16:15 - Del Shannon - Runaway
16:21 - Vangrail - Ik Hunker Naar Jou
16:33 - Foreigner - Waiting For A Girl Like You
16:44 - Creedence Clearwater Revival - Bad Moon Rising
16:53 - Leonard Cohen - Hallelujah
17:04 - Adele - Rolling In The Deep
17:15 - Jan Smit - Cupido
17:25 - Healers - De Skute Fan Skelte Tel (Pre Master)
17:33 - Carly Rae Jepsen - I Really Like You
17:38 - Proclaimers - I'm Gonna Be
17:47 - Babalive - Simmer Yn'e Bol
17:51 - Rolling Home - Fries Om Utens
17:56 - Spencer Davis Group - Keep On Running

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)