Sneon yn Fryslân fan 2 april 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

Diana gong ferline wike mei kreamferlof en dêrom is Johan Terspra fan hjoed ôf jo gasthear op sneontemiddei. In nij gesicht, mar mei de fertroude yngrediïnten foar in hearlike middei fol muzyk, moaie ferhalen en folop sport.

De Fryske sportkoer wie ferline wike by Nutte de Vries. Hy is de trainer fan it earste alvetal fan Trynwâlden. Nutte joech de koer troch oan Freddy Sinnema út Wergea. Freddy is al 21 jier leider fan it earste alvetal fan VV Wergea. Se spylje yn de 4e klasse A en it giet poerbêst dit seizoen. Der sit nammentlik in kampioenskip oan te kommen!

En der is mear fuotbal, want ONS nimt it yn de topklasse op tsjin Kozakken Boys. Hijlko Broersma reizget ôf nei it Sudersportpark om ferslach te dwaan. En Koos Wieling is yn Genemuiden, dêr't om 14.30 oere ôftrape wurdt yn de wedstriid tsjin koprinner Harkemase Boys. Ek hâlde wy jo op 'e hichte fan de stân fan saken by de wedstriid Drachtster Boys, dy't it thús opnimt tsjin Urk.

Wy meie wer kaarten fuortjaan foar Aqua Zoo. Moarn is der wer in ôflevering fan ús searje Us Dieretún. Programmamakker Herman Zeilstra skoot aanst wer oan mei in nijsgjirrige priisfraach. De winner krijt twa 2 frij kaarten foar in besite oan it bistepark yn Ljouwert. Hoe't jo meidwaan kinne? Harkje om 14.15 oere en wy lizze alles út!

Krekt nei fiif oere ha wy noch efkes kontakt mei Hans Sinnige fan drafbaan Victoria Park yn Wolvegea, dêr't juster ferskate drafraces wiene. Hoe is it gong en wat wiene de meast opfallende saken?

En fansels draaie wy wer jo moaiste plaatsjes. Fersykjes kinne trochjûn wurde troch te sms'en of appen nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei diana@omropfryslan.nl. En wa wit draaie wy fan 'e middei jo favorite nûmer!

De Fryske sportkoer wie by Freddy Sinnema

13:05 - Julien Clerc - Helene
13:10 - Sparks - This Town Ain't Big Enough For Both Of Us
13:13 - De Hunekop - De Papegaai
13:21 - George Michael & Elton John - Don't Let The Sun Go Down On Me
13:27 - Idea - To Love Somebody
13:33 - Incognito (Ft. Jocelyn Brown) - Always There
13:37 - Piter Wilkens & De Kast - Greideroas (Live Ut Simmertime)
13:45 - Emmylou Harris - You Never Can Tell
13:49 - Willy & Willeke Alberti - De Glimlach Van Een Kind
13:52 - Alphaville - Big In Japan
14:06 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
14:11 - Nick & Simon - Rosanne
14:14 - Anders Nilsen - Salsa Tequila
14:17 - Royksopp - Eple
14:21 - Onerepublic - Counting Stars
14:33 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
14:40 - Simplisties Verbond - Zoek Je Zelf
14:45 - Avicii - Hey Brother
14:53 - Next One - I Love You So
15:05 - John Legend - P.D.A.
15:10 - Creedence Clearwater Revival - Bad Moon Rising
15:16 - Henk Westbroek - Zelfs Je Naam Is Mooi
15:22 - Twarres - Fugelfrij
15:27 - Guns N' Roses - Sweet Child O'mine (Single Version)
15:35 - Omi - Cheerleader
15:40 - Cats - Sure He's A Cat
15:43 - Guus Meeuwis - Brabant (Live)
15:49 - One More Time - Highland
16:04 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
16:09 - Dubliners - Whiskey In The Jar
16:14 - Aldjiersploech Marsum + Van Wieren - Marsum Ahoy
16:24 - Ancora - Hoog In 't Noorden
16:27 - Right Said Fred - I'm Too Sexy
16:32 - De Dijk - Binnen Zonder Kloppen
16:45 - Marcel Smit - Omstekeard
16:53 - Highwayman - Highwayman
17:03 - Dire Straits - Walk Of Life
17:08 - Jonas Blue Ft. Dakota - Fast Car
17:15 - Vanvelzen - Baby Get Higher
17:19 - Bon Jovi - Always
17:32 - Clean Bandit (Ft. Jess Glynne) - Rather Be
17:36 - Garland Jeffreys - Hail Hail Rock 'n' Roll
17:48 - Anouk - Run Away Together
17:56 - Douwe Bob - Slow Down

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)