Sneon yn Fryslân fan 19 septimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Sneon yn Fryslân stiet fan 'e middei hielendal yn it ramt fan De dei fan it Fryske wurd. Ferskate Fryske artysten sille fan 'e middei yn 'e tún fan de Omrop muzyk meitsje. Sa stiet De Kast op it poadium, komt Lytse Hille lâns, meie de Fjouwer Trûbadoers fansels net ûntbrekke en sil Anneke Douma fan har hearre litte. De muzikale ôfsluter fan de dei komt fan shantykoar De Pikbroeken. It waar wurdt prachtich, dus kom allegear!

Ek op de radio ha wy fan 'e middei allinnich mar de moaiste Fryske platen. Wy hearre graach wat wy foar jim draaie kinne. Hasto in moai fersykje, lit it ús witte! Maile kin nei diana@omropfryslan.nl of stjoer in sms of appke nei 06 20 499 199.

En fansels is der wer folop sport fan 'e middei. Ferslachjouwer Andor Faber is yn Súd-Hollân om ferslach te dwaan fan de wedstriid tusken SteDoCo en ONS Boso Snits. En Koos Wieling is op sportpark De Bosk, dêr't Harkemase Boys is opnimt tsjin Staphorst.

Folop live muzyk, sport en moaie ferhalen fan 'e middei by Sneon yn Fryslân. En hooplik bisto der ek wer by!

13:06 - A-Ha - Take On Me
13:36 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
13:45 - Healers - Begearlik Frommes
13:52 - Nick & Simon - Open Je Hart
14:05 - Gnarls Barkley - Crazy
14:13 - Beand & Skep - Moai Waar
14:17 - Miss Montreal - Say Heaven Say Hell
14:41 - Mike & The Mechanics - Over My Shoulder
14:51 - Rolling Stones - Jumpin' Jack Flash
15:17 - Die Twa - Fugels
15:50 - Bob Dylan - Lay Lady Lay
16:14 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
16:48 - Chris Isaak - Blue Hotel
17:02 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:11 - Normaal - Oerend Hard
17:34 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
17:47 - Lumineers - Ho Hey
17:53 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)