Sneon yn Fryslân fan 19 maart 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

De Fryske sportkoer wie ferline wike by Anita Hoekstra fan FC Burdaard. Sy jout de koer troch oan Romke van der Beek fan VC Trynwâlden. Romke is mear as 10 jier trainer west fan ferskate jeugdploegjes. Op dit stuit is er trainer fan it sneinsteam en njonken fuotbal is er ek noch keatstrainer. Sels hat er yn it ferline keatst, fuotballe en bokst. In echte sportman.

Dizze dei stiet bol fan sport. Dat begjint middeis mei de wedstriid yn de topklasse tusken Barendrecht en ONS. Koos Wieling hâldt ús op 'e hichte fan de stân fan saken. Om fiif oere giet op Sportpark De Bosk de Fryske derby los tusken koprinner Harkemase Boys en hikkesluter Drachtster Boys. Hijlko Broersma docht live ferslach. En fansels hâlde wy jo op 'e hichte fan de lêste stân fan saken yn de earste klasse E.

Wy belje krekt nei fiif oere ek noch efkes mei Hans Sinnige fan drafbaan Victoria Park yn Wolvegea.

En fan seis oere ôf kinne jo noch fiif oeren lang fan folop Fryske sporten genietsje. Roelof de Vries docht live ferslach fan SC Hearrenfean, dy't it thús opnimt tsjin Heracles. Geert van Tuinen is yn it Cambuurstadion dêr't de ploech fan trainer Marcel Keizer it opnimt tsjin Roda JC. Sneinstopklasser Snits Wyt Swart nimt it op tsjin VVSB, dêr't Koos Wieling foar ús by sit. En Freark Wijma is op De Gordyk, dêr't de kuorballers fan LDODK it opnimme tsjin PKC.

Mei oare wurden fan 13.00 oant 23.00 oere folop sport, moaie ferhalen en fansels de lekkerste muzyk. SMS of app jo fersykje nei 06 20 499 199 of mail nei diana@omropfryslan.nl.

Romke van der Beek hie de Fryske sportkoer

13:06 - O.M.D. - Forever Live And Die
13:10 - Sweet - Blockbuster!
13:13 - Tielman Brothers - Little Bird
13:23 - Queen - I Want To Break Free
13:27 - Golden Earring - Back Home
13:34 - Nena & Kim Wilde - Anyplace, Anywhere, Anytime
13:38 - De Suskes - Mayonaise
13:44 - Munchener Freiheit - Tausendmal Du
13:50 - Men At Work - Down Under
13:53 - Vicky Leandros - Apres Toi
14:06 - Sting - This Cowboy Song
14:11 - Live - Simple Creed
14:15 - Gotye (Ft. Kimbra) - Somebody That I Used To Know
14:25 - De Dijk - Nergens Goed Voor
14:33 - Phil Collins - It Don't Matter To Me
14:39 - Slade - Get Down And Get With It
14:43 - Justin Bieber - Love Yourself
15:05 - Maroon 5 - This Love
15:09 - Bzn - Banjo Man
15:14 - Modern Talking - You're My Heart, You're My Soul
15:24 - Stylistics - You Make Me Feel Brand New
15:33 - Jason Derulo - Want To Want Me
15:38 - Next One - I Love You So
15:42 - Script - Superheroes
15:50 - Pigmeat - Herman Moest Naar Brada

16:05 - Alphabeat - Fascination
16:10 - Level 42 - Something About You
16:14 - Piter Wilkens - Henkie Cola
16:22 - Johnny Cash - Folsom Prison Blues
16:25 - Dua Lipa - Be The One
16:31 - Bee Gees - Alone
16:40 - Jan Hospes - Summer In My Head
16:42 - Gerard Joling - Het Is Nog Niet Voorbij
16:50 - Rommy - As De Ljip Yn 't Lan Is
17:02 - J. Geils Band - Freeze Frame
17:07 - Road - Unchained Melody
17:17 - Bastille - Things We Lost In The Fire
17:26 - Andre Hazes - Bloed, Zweet En Tranen
17:34 - Coldplay - Hymn For The Weekend
17:40 - James Bay - If You Ever Want To Be In Love
17:44 - Bryan Adams & Melanie C. - When You're Gone
17:49 - Xavier Rudd - Follow The Sun
17:56 - Abba - Does Your Mother Know

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)