Sneon yn Fryslân fan 17 septimber 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden
  • Diana de Groot

De Fryske sportkoer wie ferline wike by Ymkje Boersma, dy't de koer trochjûn hat oan Siemke Andela. Sy docht in hiel soad foar it keatsen. Se is sels trainster, mar jout ek kursus oan nije trainers. Dêrneist is se belutsen by de Wilde Kippetjespartij yn Winsum, dy't snein hâlden wurdt.

It programma sit hjoed wer lekker fol! Fansels is der fan 'e middei folop sport. Koos Wieling is op sportpark De Bosk, dêr't Harkemase Boys it opnimt tsjin DVS '33. En ONS spilet yn Harderwyk tsjin VVOG. Geert van Tuinen reizige nei de Aldehou, dêr't hjoed de lêste keatspartij fan it seizoen spile wurdt.

En wy ha in gast yn de studio. Jelmer van Brunschot is rolstoelbasketballer yn it Nederlânsk manljusteam, mar it slagge him spitich genôch net om yn de seleksje foar Rio te kommen. Hoe hat hy de Paralympics yn Rio meimakke?

Der wurdt ek wer damme, dus wy ha foar it earst wer efkes kontakt mei ús damkorrespondint Rein van der Wal. En ek Hans Sinnige fan drafbaan Victoriapark yn Wolvegea is fan de partij om te fertellen hoe't de draverij hjoed gong is. En wy belje mei Casper van de Kamp oer de Tri-Ambla wedstriid op It Amelân hjoed.

En fansels kin der ek wer wat wûn wurde. Dus hearsto de dingdong? Belje dan mei 058 212 36 18!

Siemke Andela krige de Fryske sportkoer

Jelmer van Brunschot yn de studio

13:07 - Alannah Myles - Black Velvet
13:13 - Onerepublic - Counting Stars
13:24 - Earth, Wind & Fire - September
13:33 - Mark Ronson (Ft. Amy Whinehouse) - Valerie
13:37 - Mark & Clark Band - Worn Down Piano (Part 1)
13:42 - Clouseau - Vonken&Vuur
13:49 - Gino Vannelli - Wild Horses
14:08 - Zara Larsson - Lush Life
14:12 - Farm - All Together Now
14:20 - Normaal - Oerend Hard
14:26 - Frerik De Swetser - Ideryn Wurdt Bekend (Radio Edit)
14:32 - Baseballs - Umbrella
14:38 - Abba - Gimme! Gimme! Gimme!
14:47 - Gerard Cox - 't Is Weer Voorbij Die Mooie Zomer

15:07 - Smokey Robinson - Tears Of A Clown
15:11 - Santana - Say It Again
15:21 - De Hunekop - Moaie Simmer
15:26 - Janieck - Feel The Love
15:32 - Roos Linda & Jessica - Ademnood
15:37 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
15:43 - Coldplay - Magic
15:49 - Syb Vd Ploeg & Piter Wilkens - Jou It Troch
16:07 - Caro Emerald - A Night Like This
16:12 - Joe Cocker - Unchain My Heart
16:26 - Bread - The Guitar Man
16:32 - De Kast - Op 'e Fyts
16:36 - Chef Special - Amigo
16:42 - Crowded House - Four Seasons In One Day
16:48 - Roxette - It Must Have Been Love
16:52 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball

17:04 - Fiction Factory - Feels Like Heaven
17:08 - Kayak - Ruthless Queen
17:19 - Contours - Do You Love Me
17:28 - Enrique Iglesias - Escape
17:35 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:47 - Blondie - Maria
17:55 - Deorro (Ft. Elvis Crespo) - Bailar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)