Sneon yn Fryslân fan 13 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Wy begjinne de sneontemiddei mei folop sport. Sa sit Geert van Tuinen yn Moarre/Ljussens by de haadklasse keatspartij frije formaasje foar manlju. Hijlko Broersma docht live ferslach yn De Hommerts/Jutryp by it NK keatsen foar jonges. Ta beslút hâldt Koos Wieling ús op 'e hichte fan de Ronde fan de Kerspelen yn Droegeham.

Wy krije wer twa gasten yn de studio. Simy Sevenster en Margaretha Cats sille fertelle oer it Tsjerkepaad. It Tsjerkepaad hâldt fan 4 july oant en mei 12 septimber yn gearwurking mei Keunstroute in fytsrûte fan sa'n 30 kilometer lâns de tsjerken fan Wier, Minnertsgea, Boer, Skalsum, Skingen, Slappeterp en Berltsum. Yn dizze tsjerken binne ferskate objekten en skilderijen te sjen. Tsjerkepaad siket nei frijwilligers dy't besikers gastfrij ûntfange kinne en boppedat tafersjoch hâlde op de keunstwurken. Simy Sevenster is as frijwilligster belutsen by it hiele barren en Margaretha hat nammens Keunstwurk de keunstners regele.

Ek krije wy echte topsporters yn de studio. Ylona Kruis út Ysbrechtum en Jan Albert Veenema út Snits binne de Fryske kânshawwers foar de winst by de Mar-athon nije wike sneon 20 juny. Ylona wûn de maraton ferline jier by de froulju yn in tiid fan 3.14.01 en Jan Albert waard fjirde yn in tiid fan 2.45.21. Wat ferwachtsje se fan dit jier?

Ferslachjouwer Wiesje Procee is by it Rock 'n Roll festival yn Frjentsjer. Sy sil as earste trainee ferslach dwaan foar ús nije programma Festivette. Fan 11 festivals meitsje wy festivalferslagen. Dêrneist meitsje we yn augustus ek in rige fan fjouwer ôfleverings fan it programma Festivette.

En wy ha wer efkes kontakt mei de fytsfroulju Nathalie en Daniëlle. Sy binne underweis nei Santiago de Compostella. Yntusken binne se Parys al foarby en it giet goed, mar it is wol waarm. Wannear ferwachtsje se dat se oankomme?

Margaretha Cats en Simy Sevenster oer it Tsjerkepaad. Se sykje noch frijwilligers!

Ylona Kruis en Jan Albert Veenema binne kânshawwers foar takom wike op de Mar-aton fan Snits

13:05 - Rooney - When Did Your Heart Go Missing
13:10 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
13:21 - De Hunekop - Moaie Simmer
13:25 - Michael Jackson - Black Or White
13:32 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way
13:38 - Tom Robinson - Listen To The Radio
13:45 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
14:06 - Corrs - Irresistible
14:16 - Jess Glynne - Hold My Hand
14:25 - Healers - De Feanhoop Opnij Besocht
14:35 - Eddie Money - Take Me Home Tonight
14:46 - The Police - Message In A Bottle (Single Version)
14:54 - Havenzangers - Trouw Niet Voor Je 40 Bent
15:05 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
15:13 - Jan Smit & Damaru - Mi Rowsu (Ik Heb Een Tuintje In Mijn Hart)
15:23 - Queen - We Are The Champions
15:26 - Anneke & Hanneke En Henk Visser - De Stienen Man
15:33 - Ed Sheeran - Thinking Out Loud
15:45 - Fjouwer Troubadoers - Wat Binne Wy Moai Fuort
15:48 - Sheppard - Let Me Down Easy
15:54 - Pussycat - Georgie
16:04 - Mark (Ft Bruno Mars) Ronson - Uptown Funk
16:12 - Eagles - Seven Bridges Road Live
16:16 - Grytz & Grize + Johannes Rypma - Alle Dagen Dy
16:20 - James Last - Biscaya
16:24 - Fabulous Thunderbirds - Tuff Enough
16:35 - Abc - The Look Of Love
16:45 - Golden Earring - Long Blond Animal
16:52 - The Kik - Het Is Een Mooie Dag
17:02 - Lunchmoney Lewis - Bills
17:20 - Martin Burdy & Tjeerd - Ik Ben Een Noorderling
17:24 - Don Williams - You're My Best Friend
17:26 - Live - Heaven
17:34 - Jelle B - Annabella
17:43 - Die Twa - Fugels
17:52 - Mans Zelmerlow - Heroes

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)