Slachtemarathon fan 4 juny 2016 18:15

Minsken dy’t fol goede moed oan de tocht begjinne, de hiele provinsje dy’t útlûkt om de rinners oan te moedigjen en ta beslút de finishstreep yn Raerd dêr’t alle rinners de hiele dei nei ta wurkje. Yn in spesjaal programma, presintearre troch Karen Bies, om 18.15 oere wurdt de dei fan de Slachtemarathon trochnaam. Der binne sfearympresjes te sjen en der wurdt skeakele nei ferskate plakken dêr’t ferslachjouwers fan Omrop Fryslân stean en fertelle hoe’t de dei ferrûn.

Diel dit berjocht op:

Slachtemaraton

De fiifde edysje fan de Slachtemaraton wie op sneon 4 juny de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân. Jo kinne nochris genietsje fan dit prachtige evenemint.
    Radio iconUtstjoering: Tiisdei 20 desimber om 18.30 oere
(advertinsje)