Skûtsjesjoernaal fan 7 augustus 2012

It is hjoed frouljusdei by it Skûtsjesjoernaal. De iennichste man oan tafel is Eelke Lok dy 't syn ferslach jout fan de wedstryd by Ealahuzen. Fierder is net Klaas Jansma de analist, mar Sippy Tigchelaar. Oan tafel dizze kear Jolanda Takema, sy sit yn de roef by it skûtsje fan Earnewâld en Tynke Lettinga, bemanningslid fan it Ljouwerter skûtsje. Ek oan tafel sit de sjongende havenmaster fan Langwar Mink. Sy hat de wedstryd hjoed fan tichtby meimakke en fertelt har befinings. De muzyk is fan Souldada, sy bringe in oade oan turner Epke Zonderland dy 't hjoed de finale rekstok hat. Alles ûnder lieding fan de grutste Epke-fan: Simone Scheffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)