Skûtsjesjoernaal fan 6 augustus 2012

Snits hat op de Heechemermar foar de tredde kear yn dizze kompetysje wûn. De Heale Moanne, dy’t grutste part fan de wedstryd oan kop sylde waard twadde, Grou waard tredde.Nei in massale falske start makke it skûtsje fan Ljouwert yn de twadde start in falsk begjin. It skûtsje fan Jappie Meeter waard úteinlik ien nei lêste.De hurde wyn soarge foar it publyk foar in moai skouspul “Ien fan de moaiste wedstriden oant no ta”. Wol soarge reinwetter yn it lêste part fan de wedstriid foar mindere omstannichheden.Troch de ‘hattrick’ fan Snits, aldus skipper Douwe Visser, bliuwt Snits oan kop yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)