Skûtsjesjoernaal fan 27 july 2015 18:20

Yn it Skûtsjesjoernaal it wedstrydferslach fan de spektakulêre wedstriid by Wâldsein. Mei wynkrêft 5 fleane de skûtsjes hjoed oer de mar. Yn de studio is Tjalling van den Berg te gast. De man fan it saneamde eco-coaching dêr’t ek de bemanning fan Earnewâld gebrûk fan makket. Ek oan tafel Berend Mink, skipper fan de Heale Moanne. Hoe sjocht hy eins oan tsjin al dy fernijings by de skûtsjesilerij? De Skûtsje Super Fan fine we hjoed op de Marprinses en de analist fan de dei is Gjalt de Jong.

Diel dit berjocht op:

Skûtsjesjoernaal

Fan sneon 30 july o/m sneon 20 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS en it IFKS skûtsjesilen. Middeis te folgjen op de radio en jûns yn it Skûtsjesjoernaal sjogge we werom op de wedstriid dat is om 18.20 oere.
(advertinsje)