Skûtsjesjoernaal fan 24 july 2015 18:20

  • foto skûtsjesjoernaal

Hjoed komt it Skûtsjesjoernaal út Ealahuzen wei. Eelke Lok fertelt it ferhaal fan de wedstriid by Ealahuzen. Sil klassemintslieder Earnewâld hjoed stân hâlde? Klaas Jansma is de analist oan tafel by Simone Scheffer.

Ek omtinken foar 70 jier SKS. Dit kear stiet de famylje Zwaga sintraal yn de histoaryske reportaazje. Yn de studio sit dêrom ek Willem Zwaga: bemanningslid fan Langwar en skipper yn de IFKS. Ek sjogge we foarút nei de wedstriid fan moarn by Starum. Sil dy fanwege de hurde wynfoarsizzings wol trochgean?

En we hawwe in froulike Skûtsje Super Fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)